"Ik heb 26.000 euro schade, dus die gaskraan mag wel dicht"

10 feb 2017 - 13:21

Moat de Grinzer gaskraan ticht of net? Dy fraach wurdt hieltyd aktueler. Ek guon politisy lieten har dêr fan 'e wike wat skerper oer út. Mar as de gaskraan tichtgiet, hat dat fansels wer oare konsekwinsjes. Op de Ljouwerter freedsmerk die bliken dat der aardich wat solidariteit mei de Grinzers is.

"We ha der allegear profyt fan hân, dan no ek allegear betelje." In merkkeapman dy't yn it gebiet wennet, fertelde dat er sels 26.000 euro skea hat, mar wol fertrouwen hat dat it goede regele wurde sil. Al mei om him de kraan wol wat fierder ticht.

In oar frege him ôf oft de ferkiezingen miskien ek in rol spylje: "As der daliks in koälysje komme moat, wol ik se noch wolris hearre want dat skeelt miljarden!"

In oan lûd kaam fan de grientekeapman dy't tinkt dat der al lang in oplossing wêze koe mei alternative enerzjy. "Mar it jild hè? Se moatte de sekken noch fierder folje dus gean se gewoan noch efkes troch."

(advertinsje)