Jan Dijkstra wurdt listlûker FNP yn nije gemeente Waadhoeke

10 feb 2017 - 13:12

Jan Dijkstra fan Hitsum is de listlûker foar de FNP by de weryndielingsferkiezings op 22 novimber. Fan takom jier ôf fusearje de gemeenten It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en fjouwer doarpen yn Littenseradiel mei elkoar ta Waadhoeke.

Dijkstra sit no tolve jier foar de FNP yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel, wêrfan acht jier as fraksjefoarsitter. It wie eins syn bedoeling om plak te meitsjen foar nije minsken. Mar neffens him hat in nije gemeente minsken nedich mei ûnderfining. De folsleine FNP-list wurdt letter bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)