Start Boot Holland begjint mei wetteroerlêst

De 27e boatebeurs Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert begûn ôfrûne nacht mei in falske start. It wetterbassin mei dêryn 50 kúb wetter is troch noch ûnbekende oarsaak leechrûn, wêrtroch't ien fan de hallen fan it gebou blank stie. It bassin soe brûkt wurde as attraksje wêryn't besikers fan de beurs 'suppe' koene. De skea falt ta, sa seit Pieter Fokkema fan de organisaasje fan Boot Holland. It tapyt is wol wiet wurden en it bassin kin net mear brûkt wurde troch besikers fan it evenemint.
Grutter
De nijste edysje fan Boot Holland is noch wer grutter as foargeande jierren. Fokkema: "Der bliuwt ferlet fan in platfoarm dêr't keapers en ferkeapers fan boaten inoar moetsje kinne."
Boot Holland duorret noch oant en mei woansdei 15 febrewaris.