PVV fernuvere oer Hiemstra

24 okt 2011 - 16:19

De PVV yn Den Haach reagearret mei fernuvering op it beslút fan de Fryske fraksjelieder Jelle Hiemstra om út de partij te stappen. De partij ûntkent dat Hiemstra ea in foarbehâld makke hat op it partijprogramma. Hiemstra seit dat er by syn sollisitaasjepetear kenber makke hat net stride te wollen tsjin holdoekjes en islamisearring, mar de partij seit dat dat net wier is. Hiemstra naam ek ôfstân fan Wilders' optreden by in Twadde Keamerdebat

Trefwurden: 
Jelle Hiemstra PVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)