Goud foar Jorrit, Douwe en Jan op WK reedriden
Jorrit Bergsma, Douwe de Vries en Jan Blokhuijsen ha foar Nederlân foar de njoggende kear it goud wûn op de ploege-efterfolging. Yn it Súd-Koreaanske Gangneung sette de ploech 3.40.66 op de klokken. Dat wie krekt better as Nij-Seelân (3.41.08) en Noarwegen (3.41.60).