UPDATE: "Izerflechters Sintrale As krije direkt betelle"

Izerflechters dy't te min betelle krigen hawwe foar harren wurk oan de sintrale as krije harren efterstallige lean direkt útbetelle. Dat is ôfpraat nei oerlis tusken deputearre Sietske Poepjes fan de provinsje en oannimmerskombinaasje Nije Daam.
Poepjes stjoert freed in brief nei Provinsjale Steaten oer de aksjes dy't ûndernaam binne sûnt ferline wike. Doe kaam fia it fakbûn FNV nei bûten dat de arbeidsynspekjse flinke misstannen konstatearre hat by de betelling fan izerflechters.
Neffens de ynspeksje wurkje in soad flechters as skyn-ZZP'ers, krije se temin betelle en wurde der gjin reiskosten fergoede.
Fuort yn aksje
Poepjes is bliid mei de rappe oplossing. "Ik hoegde der ek net lang foar te praten. De heechste baas fan de oannimmerskombinaasje siet der sels ek al boppe-op om ta in oplossing te kommen. Hy kaam nei it rapport fan de ynspeksje fuort yn aksje."
De provinsje sil wol yn de gaten hâlde oft it no ek echt goed ôfhannele wurdt, seit Poepjes.
"Blij verrast"
Fakbûn FNV is "blij verrast", dat der no in oplossing is foar de ûnderbetelle izerflechters. "Heel mooi dit. Al is het wel 'eerst zien, dan geloven' bij ons."
Dêrneist wol FNV noch mei de provinsje om tafel om te sjen hoe't sokke misstannen yn de takomst foarkommen wurde kinne.