Ireen, Marrit en Antoinette pakke goud op WK ôfstannen

10 feb 2017 - 11:18
It gouden trip Antoinette de Jong, Marrit Leenstra en Ireen Wüst - Foto: ANP

Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Antoinette de Jong ha foar Nederlân it goud helle op de WK ôfstannen yn Gangneung. De trije froulju wûnen de ploege-efterfolging nei in prachtige striid tsjin Japan mei 2.55.85 om 2.56.50. It brûns wie foar Ruslân yn 3.00.51. De winnende tiid bestjutte ek in nij Nederlânsk rekôr. Boppedat wie it mar krekt stadiger as it wrâldrekôr.

It wie de fiifde kear dat Nederlân dit ûnderdiel op it WK wint. Sûnt 2005 stiet it op it programma. Ferline jier yn Kolomna wûn itselde trio foar Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)