Kodaira wint WK 500 meter, Nederlânske froulju yn byrol

10 feb 2017 - 10:05
Jorien ter Mors - Foto: awfoto.nl

De Japanse Nao Kodaira is de nije wrâldkampioen op de 500 meter. Yn Gangneung ried se 37.13, in persoanlik en Japansk rekôr. Trijefâldich wrâldkampioen Sang-Hwa Lee waard yn har eigen lân twadde yn 37.48, de Sinese Jing Yu pakte mei 37.57 it brûns. De Nederlânske froulju spilen in byrol. Jorien ter Mors waard mei 37.97 njoggende, Floor van den Brandt 17e yn 38.51 en Anice Das 22e yn 38.72. Heather Bergsma einige as achtste yn 37.93.

(Advertinsje)
(Advertinsje)