Ferfelende manlju misledigje stappers, portiers en plysje

De Doelesteech yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Twa Ljouwerters fan 24 en 30 binne tongersdeitenacht oanholden yn har wenplak. Omdat se har ferfelend gedroegen yn de Alde Doelesteech, moasten se dêr wei fan de plysje. Beide manlju wiene ûnder ynfloed fan drank en mooglik ek drugs.
Letter wiene beide fertochten al wer werom yn de Alde Doelesteech. Se wiene opnij ferfelend tsjin portiers en stappers. Doe't de twa de plysje seagen, naaiden se út. Ien fan de manlju trape tsjin in reklameboerd. Doe't in portier der wat fan sei, makke ien fan de Ljouwerters in slaande beweging nei de man.
It duo fersette him by de oanhâlding en misledige de plysje. Se meie dit wykein net yn it útgeansgebiet fan Ljouwert komme.