Soad folk op ynrinmiddei oer ferhuzing supermerk Snits

In ynrinmiddei oer de ferpleatsing fan de supermerk yn de Snitser wyk Tinga luts tongersdei hûnderten buertbewenners. Supermerkûndernimmer Erik Kooistra wol de winkel ferpleatse omdat de besteande winkel op in ûnhandich plak sit, dêr't frachtauto's lestich komme kinne.
In nije lokaasje oan de râne fan de wyk jout de winkel mear romte en in bettere ûntsluting. As de ferpleatsing net trochgiet, gie Kooistra út Tinga wei. Dat fertelde er op de ynrinmiddei oan buertbewenners.
Wjerstân
Tsjin de nije lokaasje fan de supermerk by sportfjilden oan de râne fan de wyk bestiet ek wjerstân. De hockeyklup soe dêrtroch minder romte krije om út te wreidzjen.
Weardeferlies
De gemeente Súdwest-Fryslân presintearre tongersdei op de ynrinmiddei ek in plan foar it pleatsen fan tweintich tydlike wenten by it wykgebou. Tsjin dat plan bestiet wjerstân. Buertbewenners fiele harren troch it plan oerfallen en se binne ek net bliid mei it tydlike karakter fan de wenten, dy't yn ien dei boud wurde kinne. Buorlju binne benaud oer weardeferlies fan harren wente en hawwe der argewaasje fan dat in stik grien beboud wurdt.
Enkête
Op de ynrinmiddei koene buertbewenners in enkête ynfolje fan it Wykpanel fan Tinga. In soad oanwêzigen makken fan dy mooglikheid gebrûk. It wykpanel is fan doel om de enkêtes letter oan te bieden oan de gemeenteried, sadat se de útkomsten meinimme kinne yn de besluten oer de wyk Tinga.
Ried no oan set
It kolleezje fan B en W joech okkerdeis al grien ljocht foar de ferpleatsing fan de supermerk en de bou fan de tweintich tydlike wenten, mar de gemeenteried moat noch oer de plannen te set.