Maratonrydster Carla Ketellapper set punt achter karriêre

09 feb 2017 - 20:32
Carla Ketellapper-Zielman wûn yn 2014 de Aart Koopmans Memorial - Foto: Neeke Smit

Reedrydster Carla Ketellapper-Zielman út Rottum set nei dit seizoen in punt achter har karriêre. De maratonrydster hat dan tolve jier op it heechste nivo meidien. Se wie foaral súksesfol op natueriis. Sa wûn se it NK op de Oostvaardersplassen, de Ronde van Loosdrecht, Earnewâld en Schildmeer.

It iepen kampioenskip op de Weissensee yn Eastenryk wûn se twa kear en ek yn Sweden wist se wedstriden te winnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)