Slieker en Fries Film Archief hawwe goed jier achter de rêch

09 feb 2017 - 20:22

It giet goed mei filmhûs Slieker yn Ljouwert. Yn 2016 kochten 10% mear minsken in kaartsje foar de film as it jier dêrfoar. Dat is twa kear safolle as de lanlike sifers. Yn Slieker draaie de mear bysûndere en aparte films. De films dy't ferline jier soargen foar de hege sifers, binne ûnder oare The Lady in The Van, Down to Earth en Daniel Blake. Kommend wykein binne se nochris te sjen.

It Fries Film Archief docht it ek goed. Sy setten ferline jier sa'n 1250 films online en krigen hast trijetûzen films en fideo's oanlevere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)