Krúspunt Frjentsjerter rûnwei wurdt feiliger makke

09 feb 2017 - 20:13
De gefaarlike krusing fan de rûnwei en de Van Voorthuijsenweg yn Frjentsjer - Foto: Google Street View

De gemeente Frjentsjerteradiel makket it krúspunt yn de rûnwei fan Frjentsjer nei de wenwyk by de ôfslach Skalsum feiliger. Op it krúspunt barre geregeld ûngelokken. It krúspunt is te oersichtlik en dêrtroch ride minsken te hastich de rûnwei op.

Der komt in stopstreep foar ferkear dat út de wyk wei de rûnwei op wol. Op de rûnwei sels wurdt ien fan de twa rydbanen mei strepen ôfset. It ferkear hat dan mar ien baan om it krúspunt foarby te riden. De stikkene ferljochting op it krúspunt sil meikoarten ek makke wurde.

De FNP hie de gemeente frege om in oanpassing fan de gefaarlike krusing en de gemeente stimt dêrmei yn. It wurk giet pas yn april los. De strepen wurde op de wei ferve en dan is it dêr better waar foar.

Trefwurden: 
krúspunt Frjentsjer
(advertinsje)
(advertinsje)