Enerzjycoach foar minima tenei ek yn oare Ljouwerter wiken

De gemeente Ljouwert wreidet it enerzjybesparringsprojekt foar minima út nei de wiken Nijlân en Huzum-West. Dat is tongersdei besletten.
De útwreiding folget op in proef yn de wyk Ald-East. Enerzjycoach Klaas Hofman hat dêr sûnt novimber oan tsientallen húshâldens mei in minimumynkommen advys jûn hoe't sy mei beskieden middels enerzjy besparje kinne. It giet dan bygelyks om it oanbringen fan strips tsjin sigerij en it ynregeljen fan de sintrale ferwaarming.
De enerzjycoach giet by de húshâldings del om in byld te krijen fan wat der allegearre mooglik is. Dêrnei wurde de tips mei help fan de Energiewacht en de gemeente útfierd. Nei ferrin fan tiid komt de enerzjycoach wer del om te sjen wat der dien is. De dielnimmer kinne mei de ienfâldige yngrepen sa'n 60 oant wol 200 euro yn it jier op de enerzjyrekken besparje.