Friese Poort jout as earste skoalle les yn Aziatyske keuken

09 feb 2017 - 17:37
Aziatysk iten - Foto: ANP

Learlingen fan ROC De Friese Poort dy't de koksoplieding dogge, krije tenei ek les yn Aziatysk itensieden. De Friese Poort biedt as earste skoalle yn Nederlân it lesûnderdiel Aziatyske keuken oan. De kursus wurdt jûn troch Esther Gerlsma fan it restaurant Tandjong Priok yn Arum. It giet om in kursus fan tsien wiken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)