Romie fan Simon Vestdijk yn jongereinteam Anne Frankhûs

Romie Hoogland
Learlinge Romie Hoogland fan de Simon Vestdijk-skoalle yn Harns komt yn it jongereinteam fan it Anne Frankhûs. Dat team ferdjippet him yn de skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch en it ferhaal fan Anne Frank.
Alle achttjin dielnimmers dogge ek elk in projekt dêroer. Romie Hoogland giet de kommende wiken in pear kear nei Amsterdam om dêroan te wurkjen. Der stiet ek in petear op it programma mei in oerlibjende fan de Holocaust.
Neidat se har eigen projekt dien hat, kriget Romie Hoogland in sertifikaat fan de Anne Frankstichting. Dêrmei makket se diel út fan in wrâldwiid netwurk fan tûzenen frijwilligers, dy't de oantinkens oan de oarloch yn libben hâlde.