"Wrâldproblemen oplosse yn Pieter Jelles-hûs yn Stiens"

09 feb 2017 - 16:56

Yn Stiens moat in hûs komme dêr't jongeren neitinke kinne oer it oplossen fan problemen yn de wrâld. It dreamhûs moat in plak krije yn it hûs dêr't Pieter Jelles Troelstra in grut part fan syn jonge jierren trochbrocht hat. It plan is fan Wiebe Kloppenburg út Beetstersweach. Hy kaam it hûs by tafal tsjin op huzeferkeapwebside Funda. Kloppenburg waard daliks entûsjast en set no alles op alles om syn dream wier te meitsjen. Mei help fan fjouwer organisaasjes werûnder Monumintesoarch yn Ljouwerteradiel hopet er genôch stipe te krijen.

De organisaasjes hawwe de gemeente in brief stjoerd mei de fraach om help. Koartlyn makke it kolleezje fan boargemaster en wethâlders bekend noch jild oer te hawwen foar spesjale projekten yn de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)