Gearwurking geriaters fan sikehuzen It Hearrenfean en Snits

09 feb 2017 - 16:40
Sosjale helpferliening - Foto: ANP XTRA

De geriaters fan de sikehuzen fan It Hearrenfean en Snits wurkje tenei gear. Sa krije âldere minsken de bêst mooglike soarch, sa is de bedoeling. Om yn beide sikehuzen dizze spesjale âldereinsoarch oanbiede te kinnen, hat sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean in tal ekstra geriaters oanlutsen. Dy wurde foar in part detasjearre yn Snits.

Alderen út dy regio kinne sadwaande yn in foar har fertroude omjouwing de soarch krije dêr't se ferlet fan hawwe, is de gedachte achter de gearwurking.

(Advertinsje)
(Advertinsje)