Twa oanhâldings foar himpkwekerij yn loads yn Easterwâlde

09 feb 2017 - 16:19
Foto: Plysje

De plysje hat twa minsken út Zandvoort oanhâlden dy't yn in loads yn Easterwâlde in himpkwekerij hiene. De plysje hie in tip krigen dat yn de loads oan de Ploeggang mooglik himp ferboud waard en die tiisdei in ynfal. Se fûnen in hiele profesjonele kwekerij, dy't der nei alle gedachten ek al in skoft siet. Deselde deis is in man út Zandvoort oanhâlden en in dei letter in frou út itselde plak.

Op de loads is beslach lein. Der is ek in motor yn beslach naam.

Trefwurden: 
himp Zandvoort Easterwâlde
(Advertinsje)
(Advertinsje)