De stim fan Froukje: ''It boeit my net''

16 feb 2017 - 07:15

"Ik hâld my der net echt mei dwaande, it boeit my net.'' Dat seit Froukje de Jong fan Wurdum. Oer goed in moanne wurdt der stimd foar de Twadde Keamerferkiezingen. Froukje wurket as skjinmakster en ynterieurfersoarchster. Se sil wol stimme, mar it makket har net folle út.

''Se bepale in soad'', sa seit Froukje. ''En as je net stimme, giet de stim ferlern. Ik haw der gjin soargen oer en hâld my der ek net mei dwaande.'' As se aanst stimt, dat giet har stim nei de Partij voor de Dieren. ''Ik bin in diereleafhawwer'', sa fertelt se.

De stim fan...

Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)