Fryske boerebedriuwen nominearre foar Gouden Grutto Award

De Fryske greiden binne oan it feroarjen © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Trije Fryske boerebedriuwen binne nominearre foar de Gouden Grutto Award, in priis fan de fûgelbeskerming foar de bêste natuerboer fan Nederlân. It giet om Jaring Brunia fan Raerd, Marten Dijkstra fan Aldeboarn en Sjoerd Miedema en Janna van der Meer fan Haskerdiken. Mei noch seis oare nominearren meitsje sy út wa't de gouden skries krijt.
Neffens Vogelbescherming Nederland litte se sjen dat natuer en lânbou kombinearre wurde kinne, sadat fûgels der baat by hawwe. It publyk makket út hokker boerebedriuw wint. Dat kin stimd wurde op ien fan de gadingmakkers op in spesjale webside.