Oplichter yn bêd en brochje: ''It kloppe gewoan net''

It sil dy mar barre. Hast in bêd en brochje en krijst lykas oars in gast oer de flier. Mar dan docht bliken dat it in oplichter is dy't troch de plysje socht wurdt. En foardat hy troch de plysje ynrekkene wurde kin, naait er út. Sûnder te beteljen.
It oerkaam Dieuwke Kroese út Snakkerbuorren. Har gast fertelde dat er as ict'er ynhierd wie by it MCL. Mar nei in pear dagen gongen dochs de alarmbellen ôf. "Der wienen hieltyd problemen, en hy frege oft er noch wat langer bliuwe koe. It kloppe gewoan net.
Undersyk
Dus gong Kroese op ûndersyk út. Se fergelike it telefoannûmer fan de boeking mei it nûmer fan it bedriuw. It die bliken dat dat itselde nûmer wie. "Dat fûn ik al frjemd. Doe't ik it MCL belle, die bliken dat sy gjinien ynhierd hienen. En op Facebook seach ik berjochten oer in oplichter dy't yn deselde auto ried as dizze man.
Plysje
Uteinlik belle se de plysje. Nei oantrunen kamen twa plysjeminsken del, mar se koenen neat dwaan. De man hie ommers noch neat strafbers dien. Kroese: "Mar letter bellen se dochs wer op. Se wienen der achter kaam dat it in masteroplichter wie. En se woenen him graach ophelje."
Mar op it momint dat plysjeminsken in ynfal dienen yn de B&B, wie er al útnaaid. "Alles lei der noch. Syn jaske, lêsbril en syn bierke. Ek de auto stie der noch. Mar fan him gjin spoar", fertelt Kroese.
Tonnen skuld
Letter kaam se der achter dat de man, op it momint dat er yn de B&B siet, eins foar de rjochter komme moast. Der is dêr in jier sel tsjin him easke. De man soe yn totaal foar tonnen oan skuld makke ha. "Dat is noch it slimste. Ik tink dan: ferdikke. Wie ik der mar krekt wat earder achter kaam. Dan hienen se him miskien wol pakke kind."