Rjochter oer stellende azc'ers: Misbruik van asielprocedure

09 feb 2017 - 13:38
Foto: De Vries Media

Twa Marokkaanske manlju fan 18 en 28 jier binne troch de plysjerjochter feroardiele ta selstraffen fan fiif wiken en twa wiken. Ein oktober hiene de bewenners fan it azc yn Drachten sân jassen stellen by de C&A yn dat plak. "Ik vind dit mensen die misbruik maken van de asielprocedure'', sei de rjochter tongersdei.

De 18-jierrige moat langer de sel yn omdat er letter ek noch sigaretten stellen hie. Yn jannewaris hie er boppedat in befeiliger fan it azc mei de dea bedrige.

(Advertinsje)
(Advertinsje)