Cambuur siket herstel tsjin Fortuna

09 feb 2017 - 13:18

Nei it ferlies tsjin De Graafschap fan ôfrûne moandei siket Cambuur herstel tsjin Fortuna Sittard. De ploech út Limboarch is freedtejûn te gast yn it Cambuurstadion. "In drege ploech, dy't op de counter spilet", seit trainer Sipke Hulshoff.

It ferlies tsjin De Graafschap smiet by de supporters in protte krityk op. Hulshoff hat begryp foar dy krityk, mar fynt net dat sy alles ferkeard dien hawwe. Hulshoff wol freed wer yn deselde opstelling spylje as yn de wedstriid tsjin Helmond Sport, mar it is noch de fraach oft Jordy van Deelen fit is.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)