Dieven stelle felgen fan fiif auto's op bedriuweterrein
Dieven hawwe woansdeitenacht fiif auto's ûntdien fan de felgen. De auto's stiene op in bedriuweterrein op De Hemmen yn Drachten. Op in foto fan de plysje is te sjen dat ien fan de auto's op in stel bakstiennen stiet.
De plysje siket tsjûgen fan de stellerij.