Sven Kramer pakt syn achtste wrâldtitel op de 5000 meter

09 feb 2017 - 12:21
Foto: ANP

Sven Kramer is foar de achtste kear wrâldkampioen op de 5000 meter wurden. Yn it Súd-Koreaanske Gangneung ried Kramer yn syn rit tsjin syn grutte konkurrint Jorrit Bergsma nei de winnende tiid fan 6.06.82. Dat is in wrâldrekôr op in leechlânbaan. Bergsma waard krekt as de lêste trije jier twadde yn 6.09.33. It brûns wie foar de Nij-Seelanner Peter Michael yn 6.11.67.

Douwe de Vries waard fjirde yn 6.13.70.

(Advertinsje)
(Advertinsje)