De stim fan Geertje: ''Minder bern yn de skoalklasse''

''Normaalsprutsen haw ik 28 bern yn de klasse, útdaagjend mar wol dreech. Ik tink dat we sa net elk bern biede kinne wat it nedich hat.'' Dat seit Geertje Stornebrink (25) fan Wergea. Geertje wurket op in basisskoalle yn Sint-Jabik.''Ik stean foar de klasse. Underwiis en polityk gean hân en hân mei elkoar. Ik fyn dat wy wol wat fan polityk witte moatte.'' Op hokker partij Geertje stimme sil, wit se noch net. ''Wol fyn ik dat der in maksimum oan it oantal bern yn de klasse komme moat. Of der moatte mear hannen yn de klasse komme.''
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezings. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezings op ús ferkiezingsside.