Trije dagen plysjekontrôles: hast 250 boetes op de A7

09 feb 2017 - 10:13

By ferkearskontrôles fanút in ridende camper op de A7 tusken De Jouwer en Grins hat de plysje de ôfrûne trije dagen 248 minsken op de bon slingere. De measten fan har brûkten ûnder it riden de mobile telefoan, ûnder wa 65 frachtweinsjauffeurs

De plysje kontrolearre benammen by it ferkearsplein fan De Jouwer, omdat dêr geregeld (slimme) ûngelokken binne. Fanút de camper koe de plysje goed sjen wat de bestjoerders oan it dwaan wiene. De camper waard folge troch ûnopfallende plysje-auto's dy't de sjauffeurs oan de kant setten. 

Ien bestjoerder moast it rydbewiis ynleverje. Hy ried mei hast 200 kilometer yn de oere oer de A6. Ek op de A7 hie er te hurd riden en twa kear rjochts ynhelle. Alve bestjoerders krigen in bon omdat se goed 30 kilometer yn de oere te hurd rieden.

Trefwurden: 
plysjekontrôle A7 boetes
(Advertinsje)
(Advertinsje)