Goud foar Ireen Wüst op 3000 meter, De Jong pakt brûns

09 feb 2017 - 10:13

Ireen Wüst hat de earste gouden medalje op de WK ôfstannen te pakken. Yn Gangneung, de Olympyske baan fan takom jier, wûn se de 3000 meter yn 3.59.05. It is foar Wüst de tredde kear dat se wrâldkampioen wurdt op dizze ôfstân. Martina Sábliková, de kampioen fan de lêste twa jier, waard twadde yn 3.59.65. Antoinette de Jong pakte krekt as it ôfrûne jier it brûns yn 4.01.99.

Yvonne Nauta waard mei in pr fan 4.02.56 kreas fiifde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)