Staking by Caparis

24 okt 2011 - 16:35
Caparis

De meiwurkers fan Caparis sille nije wike stake foar in bettere CAO. De sosjale wurkfoarsjennings sitte al mear as oardel jier sûnder CAO. De âlde CAO rûn op 1 maart 2010 ôf en de ûnderhannelings oer in nije CAO binne fêstrûn. De wurknimmers út de fjouwer noardlike provinsjes komme dêrom nije wike tiisdei yn Assen byelkoar om aksje te fieren foar in nije CAO. De sektor is bang dat as de easken net ynwillige wurde de sektor mei de nije besunigings op achterstân set wurde.

Trefwurden: 
Caparis staking CAO
(Advertinsje)
(Advertinsje)