Kollum: "Echt Gebeurd"

09 feb 2017 - 08:29

"Ik bin frege oft ik in ferhaal fertelle wol yn de searje 'Echt Gebeurd’. Op it poadium fan Toomler, hjir yn Amsterdam is dat ien kear yn ‘e moanne. Minsken fertelle dêr bysûndere of grappige ferhalen oer eat dat se sels meimakke ha.

Je heare dêr de gekste dingen. Minsken fertelle oer it wurk dat se dogge en wat dêr mis yn giet. Regelmjittich steane der ek minsken dy’t by definsje of de plysje wurkje te fertellen oer nuvere situaasjes. Se dogge in boekje iepen, omdat it dêr kin. De deal is dat it binnen de muorren fan Toomler bliuwt. En it moat echt bard wêze fansels.

Trouwens, net alles bliuwt binnen Toomler, want Echt Gebeurd hat ek in podcast. Guon ferhalen komme al nei bûten.

Ik ha in ferhaal heard oer in famke dat te kanofarren gong, en der hiel bliid mei wie dat se einliks sels wat stoers die. En doe freeslik yn ‘e problemen kaam, mar net om help freegje woe om’t dat ôfbrek dwaan soe oan har nije stoerheid. It rûn goed ôf.

Of it ferhaal fan immen dy’t keukenhulp wie, en hieltyd fan ‘e kok op har lazer krige. De kok woe in grap mei har úthelje troch har in soartemint madentsiis priuwe te litten. Se iet it op, en de kok stie mei de mûle fol tosken.

It ferhaal fan in jongeman dy’t ûntduts dat syn ferkearing frjemd gong, en op it poadium de triennen yn ‘e eagen hie ûnder it fertellen. Je heare de ferhalen út it echte leven. Sokke saken stean net yn ‘e krante en komme net op de radio. It is prachtich.

Ik wit noch net of ik it wol doar, samar op in poadium te stean en ien fan myn persoanlike ûnderfiningen te fertellen. Jinsels bleat jaan, kwetsber te meitsjen, je ûnwissens of minder goede eigenskippen te toanen.

Echt Gebeurd docht ek tinken oan it projekt ‘PostSecret’, in Amerikaanske website. Minsken stjoere dêr anonym brievekaarten nei ta, mei dêrop in geheim. It komt op de website, en dan kin elkenien it lêze. Tekeningen, koarte sintsjes of hiele alinea’s, mei bekentenissen fan sjenante gewoanten of dreamen oer de takomst.

Mar guon tiden ek heftigere ferhalen, oer misdieden. Ferhalen yn alle kleuren, want wa hat der no net in ferhaal.

It is net altyd nijs, mar it giet al oer ús libben en de wrâld dêr’t we yn libje. Gemien mei ‘Echt Gebeurd’ hat it dat it net yn ‘e krante komt. Op it stuit is der in soad diskusje oer sjoernalistyk, en wat it yn dizze tiden wêze moat. We ha nepnijs, we ha twitter, we ha grut en lyts bedroch troch grutte en lytse bedriuwen.

Sjoernalisten seagen Trump net oan kommen, Fortuyn net en de finansjele krisis net. It fertrouwen yn de sjoernalistyk hat noch nea sa min west, en "de leugen regeert". Wa en wat leauwe we noch? Ik hearde lêsten: ‘Wittenskip is ek mar in miening’, bedoeld as grap, mar ik moast der echt even oer neitinke.

Wat witte we noch seker? Om de wrâld te begripen is it soms net sa’n gek idee om te begjinnen by de lytse ferhalen. Miskien moat ik, as sjoernalist, dit mar gewoan dwaan: in simpel en persoanlik ferhaal fertelle. Dêr’t ik yn elk gefal wis fan bin, dat it echt bard is."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)