PvdA ropt eigen minister op it matsje fanwege Sintrale As

De PvdA yn de Twadde Keamer wol fan minister Asscher witte wat hy fynt fan de troch de arbeidsynspeksje en fakbûn FNV konstatearre ûnderbetteling by de oanlis fan de Sintrale As. De partij hat dêr, nei de SP, ek keamerfragen oer steld.
In groep izerflechters is net neffens de regels betelle, sa stiet yn it rapport fan de arbeidsynspeksje. De PvdA fynt dat de Provinsje Fryslân syn ferantwurdlikheid nimme moat om derfoar te soargjen dat de wurknimmers it jild dochs noch krije. De partij wol fan de minister witte oft hy it dêrmei iens is.
Fierders wol de PvdA fan Asscher witte oft hy fynt dat de provinsje genôch dien hat om misstannen tsjin te gean. De partij fynt dat it gjin skik jout dat de provinsje oer de rêch fan de beneidielde wurknimmers in feestje makke hat fan de iepening fan de Sintrale As. Ek dêr wol de partij de miening fan de minister oer hearre.