'Augmented reality' op it Oranjewoud Festival

08 feb 2017 - 23:02

Mei 'augmented reality' wol de organisaasje fan it Oranjewoud Festival besikers dizze simmer fernuverje. It is ûnderdiel fan de Nacht van het Park yn de oertún by Oranjewâld. Besikers krije in koptelefoan op en hearre dêr wat oars as dat se sjogge. Ek wurde op tal fan plakken lytse konserten opfierd wêrby't it doel is om minsken te betsjoenen.

It Oranjewoud Festival wurdt takom juny foar de fyfde kear organisearre. Op ferskate lokaasjes wurde konserten organisearre.

Dit jier komt de Proeftún ek werom. Dat is in festivalterrein dêr't besikers los yn oanrekking komme kinne mei klassike muzyk. Ek binne der in soad berne-aktiviteiten. It festival wurdt hâlden fan 1 oant en mei 5 juny. Omrop Fryslân sil dan trije dagen lang live-ferslach dwaan fan it festivalterrein ôf mei ûnder oare konsertregistraasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)