LDODK wint yn Amsterdam mei 24-17 fan AW.DTV

08 feb 2017 - 22:13
Foto: Omrop Fryslân

De kuorballers fan LDODK ha de wedstriid yn de kuorbal league yn Amsterdam tsjin AW.DTV mei 24-17 wûn. Yn in meagere earste helte liet it skot beide ploegen yn 'e steek. Dochs kaam de foarsprong dy't LDODK naam nea yn gefaar. Healwei de wedstriid hiene de Fryske kuorballers in 9-6 foarsprong. Dat gatsje waard yn de twadde helte stadichoan fergrutte, benammen doe't Erwin Zwart ek tûk waard.

By LDODK diene alle spilers mei oan de doelpunteproduksje, de bruorren André en Erwin Zwart makken mei syn beiden trettjin.

LDODK bliuwt twadde op 'e ranglist. Kommende snein stiet de thúswedstriid tsjin KZ, de nûmer fiif, op it programma.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(advertinsje)
(advertinsje)