Plysje betrapet appende sjauffeurs ûnopfallend fanút camper

09 feb 2017 - 06:00
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De plysje wie de ôfrûne trije dagen hiel drok mei kontrôles op de A7 tusken De Jouwer en Drachten. En dêr is in bysûnder helpmiddel by ynset; in camper as ûnopfallende plysje-auto. Kombinearre mei oare net werkenbere plysje-auto's binne sa in soad minsken op 'e bon slingere foar benammen it ferkeard brûken fan de telefoan.

Ein ferline jier wie der ek in proef mei in camper. Dat foldie doe goed. Dêrom is no op 'e nij in camper hierd en ynset. De kontrôles wiene rjochten op de A7 by De Jouwer, omdat it dêr geregeld mis giet.

Koartlyn wiene der sels twa deadlike ûngelokken. De camper hat twa foardielen. Gjin minske ferwachtet dat der plysje yn sit en je kinne hiel goed by oare auto's en frachtweinen nei binnen sjen.

Trefwurden: 
plysje ferkearskontrôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)