Listlûkers: "Helje klimaatynstitút nei it Noarden"

08 feb 2017 - 21:16

It klimaatynstitút dat him dwaande hâlde sil mei de omslach fan fossile enerzjy lykas gas en oalje nei skjinne enerzjy moat yn it Noarden komme. Dêr wiene de listlûkers yn it ferkiezingsdebat fan woansdei it oer iens. Alexander Pechtold fan D66 die de foarset en de oaren kopten him yn. Pechthold kin him gjin better plak foar it ynstitút foarstelle as it Noarden, omdat yn Grins en Ljouwert al de noadige kennisynstituten sitte, lykas Wetsus en de Dairy Campus.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is wiis mei dy útspraken.

Crone wie oanwêzich by it listlûkersdebat yn it provinsjehûs fan Grinslân. Crone wit dat minsken faak tinke dat sokke tasizzings net folle wearde hawwe, mar hy hat lang genôch yn Den Haach omrûn om te witten dat je listlûkers oan sokke útspraken herinnerje meie. Mocht dat nedich wêze, dan sil hy dat ek seker dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)