Smellingerlân wol rotonde by Nijtap oanpakke

08 feb 2017 - 20:45
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De rotonde yn de Noarderhegewei en Nijtap by Drachten wurdt oanpakt. Oer de rontonde komme fiif busferbinings it doarp yn en dat soarget foaral yn de jûnsspits foar grutte drokte en filefoarming. De bussen rinne dêrtroch geregeld fertraging op.

De gemeente Smellingerlân lit no útsykje hokker foarm de rotonde krije moat om it ferkear better trochstreame te litten. As dat dúdlik is wurdt dat mei alle partijen besprutsen en kin it wurk begjinne. De oanpassing fan de rotonde sil sa'n 600.000 euro kostje.

De ferwachting is dat de gemeente kieze sil foar in rotonde fan ferskate stroken of foar in rotonde mei bypasses, sadat de bussen better trochride kinne. As der foar in ûntwerp keazen is, sil dat op in ynformaasjejûn foarlein wurde oan omwenners en belangstellenden.

Trefwurden: 
rotonde
(advertinsje)
(advertinsje)