Mear feilige oerstekplakken foar otters

Otters krije mear feilige oerstekplakken. De provinsje wol sa foarkomme dat de bisten ûnnedich deariden wurde. By Dokkumer Nije Silen wurde rasters pleatst sadat de bisten net mear op de dyk komme kinne. Dy rasters liede dan nei in planke oer de slûs. By de Sintrale As komme ek rasters dy't de otters nei in tunneltsje ûnder de dyk troch liede moatte. Datselde bart ek by natoergebiet de Rottige Meenthe.
As dizze maatregels naam binne, bliuwe der noch acht gefaarlike punten oer.
Twa wurde oplost troch de oanbelangjende gemeente, de oare seis troch Rykswettersteat. It giet dan ûnder oare om in oerstek ûnder de A6 by de Tsjûkemar. De provinsje sjocht ek noch nei 16 oare oerstekplakken fan otters. Dêr binne plakken by dêr't no noch net in otter deariden is, mar dy't mooglik dochs gefaarlik wêze kinne foar de bisten.