IIshockeykompetysje krijt nij slotevenemint: de Final Four

(argyffoto) © Martin de Jong
De iishockeykompetysje einiget ein febrewaris mei in nagelnij evenemint. Foar it earst wurdt troch de fjouwer bêste Nederlânske ploegen út de Beneliga yn ien wykein bepaald wa't lânskampioen wurdt. It toernoai mei de namme Final Four wurdt dan spile op Thialf op It Hearrenfean. De klups dy't meidogge oan de Final Four binne UNIS Flyers fan It Hearrenfean, Amsterdam, Den Haach en Eindhoven.
Op sneon wurde twa heale finales spile en op snein de wedstriden om it brûns en de finale.