Wurkjouwers wolle taboe op 'laaggeletterdheid' trochbrekke

In groep Fryske wurkjouwers sil meihelpe om it taboe op it net of min lêzen en skriuwen te trochbrekken. Dêrom hawwe se woansdei yn Ljouwert in 'Taalakkoord' tekene. In soad minsken doare net ta te jaan dat se dreech, of hielendal net, lêze en skriuwe kinne. "It is in groep dy't fergetten is. Der sit in soad skamte omhinne", fertelt Henk Bakker, de lanlik koördinator fan it taalakkoart.
Der binne sertifikaten útdield oan alle sosjale wurkfoarsjenningsbedriuwen.
Dy bedriuwen sette har yn om it taalnivo fan de wurknimmers te ferheegjen. De gemeente Ljouwert is ien fan de inisjatyfnimmers fan it taalakkoart. De problemen mei lêzen en skriuwene binne noch altyd grut yn Nederlân. Sa'n 700.000 wurknimmers kinne net goed lêze en skriuwe. Neffens sifers fan it LeerWerkLoket Fryslân kin hjir 14% fan de minsken net goed genôch leze en skriuwe.
Se hoopje yn Fryslân it taboe te trochbrekken troch minsken nei bedriuwen te stjoeren, dy't itselde probleem hawwe. Ria Akkersdijk fan it LeerWerkLoket Fryslân: "Als iemand die zelf laaggeletterd is naar een schoonmaakbedrijf gaat, durven daar heel veel mensen te zeggen: 'Dat ben ik ook'. Ik heb heel veel mensen naar de diverse taalcursussen gebracht. Dat werkt." It taalakkoart moat der foar soargje dat it taalnivo ferbetteret. De inisjatyfnimmers wolle der tenei ek oare bedriuwen by belûke.