Bibelgenoatskip dielt Frysk lijensferhaal út by The Passion

08 feb 2017 - 18:11

By de opfiering fan The Passion op 13 april wurdt yn it sintrum fan Ljouwert in twatalich boekje útdield mei it lijensferhaal út Mateüs. It boekje is yn gewoan Nederlânsk en yn gewoan Frysk. De Fryske oersetting is makke troch learlingen fan it Liudger College út Burgum. It boekje is in inisjatyf fan it Bibelgenoatskip, printerij Jongbloed en de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst.

Sy hoopje dat it ferhaal yn eigen taal de Friezen reitsje sil. It boekje is ek beskikber foar tsjerken en skoallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)