Mear Grinslân as Fryslân yn tige libben listlûkersdebat

08 feb 2017 - 17:16

De ûntefredenheid fan de kiezers is de erfenis fan it kabinet fan Rutte en Asscher. Dy hurde wurden spruts CDA-lieder Sybrand van Haersma Buma woansdei yn it noardlik listlûkersdebat yn Grins. De CDA-listlûker spruts yn in debat mei Lodewijk Asscher (PvdA) oer 'flip-flop Mark Rutte', dy't flak foar de ferkiezingen ynienen in pear miljard ekstra yn de soarch ynvestearje wol.

It debat yn it provinsjehûs yn Grins wie organisearre troch de trije noardlike regionale omroppen en SNN en wie live te sjen by Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe.

Gaswinning

Premier Rutte die sels net oan it debat mei, mar stjoerde syn Fryske fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra. Lanlike politike tema's én de gaswinning yn Grinslân dominearren it debat, ek al omdat de acht listlûkers opwachte waarden troch in pear hûndert lulke demonstranten út Grinslân, minsken dy't foar in grut part gjin betrouwen mear hawwe yn de polityk. "Dat is terecht", seine Jesse Klaver (GrienLinks) en Emile Roemer (SP) yn koar. "Nederlân hat in eareskuld oan Grinslân. De gaswinning moat nei ûnderen en de NAM mei him net mear bemoeie mei de ôfhanneling fan 'e skea." Under de oanwêzige listlûkers is foar dit stânpunt in dúdlike mearderheid. Allinnich Halbe Zijlstra sei "dat het kabinet al veel heeft gedaan om Groningen tegemoet te komen."

Mear plysje op plattelân

Oan it debat waard meidien troch VVD, SP, D66, ChristenUnie, GrienLinks, CDA. PvdA en 50+. Henk Krol fan 50+ mocht oanskowe, omdat de PVV, de partij dy't yn de peilingen de grutste is, gjin fertsjintwurdiger stjoerde. Krol die yn it debat it foarstel ''om de trekker uit de mislukte nationale politie te trekken". It bestjoer en behear oer de plysje moat neffens 50+ wer sa gau mooglik werom nei de regio. De oare partijen reagearren dêr net echt op, mar de measten fine wol dat der plysje by moat op it plattelân. "De dorps- en wijkagent moet terug, zeker op plekken waar veel asielzoekers zijn ondergebracht", sei ûnder oare Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie. Krol liet ek witte dat hy allinnich meidwaan wol oan in nije koälysje as de pinsjoenleeftyd wer werom giet nei 65. De oare listlûkers reagearren dêr kiezzich op. "Ik ben al blij als er een nieuwe coalitie komt", sei Halbe Zijlstra. "We kunnen nu niet werken met voorkeurscoalities of blokkades." Alle partijen werhellen nochris dat se net yn in koälysje stappe wolle mei de PVV fan Geert Wilders. "Ik ga wel een kopje koffie met hem drinken, maar de kans dat we er uit komen is nihil", sei Zijlstra.

Libben debat

Fryslân en Drinte waarden yn it debat folle minder faak neamd as Grinslân, al binne guon tema's, lykas krimp en it oanfiterjen fan de ekonomy, fansels foar alle provinsjes fan tapassing. Oer de problemen yn it lânbou waard net praat, ek net oer it pleit fan de trije noardlike provinsjes dat it nije kabinet wer in minister fan lânbou krije moat. It debat yn it provinsjehûs fan Grinslân wie it earste listlûkersdebat fan dizze ferkiezingskampanje en wie dêrom ek spannend, yn alle gefallen foar debutanten as Jesse Klaver en Gert-Jan Segers. It debat wie foar it grutste part libben en sa út en troch ek wol wat gaotysk, mar mei acht listlûkers dy't alle acht ferskriklike graach wolle is dat ek lestich te foarkommen.

Besjoch ek ús liveblog fan it noardlik ferkiezingsdebat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)