CDA hat fragen oer Fryske ynbring by 11Fountains-projekt

08 feb 2017 - 16:27

It CDA yn 'e Steaten freget him ôf wêrom't der gjin Fryske keunstners frege binne foar it ûntwerpen fan de fonteinen foar de alve Fryske stêden. Dy fonteinen komme yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Ek wol de partij witte hoe't de ynwenners fan de stêden belutsen west hawwe by it kiezen fan de ûntwerpen en de plakken. De partij freget dat omdat op meardere plakken krityk west hat op it plak en it ûntwerp. Ek set it CDA fraachtekens by de duorsumens fan de fonteinen. De fontein yn Warkum soe makke wurde fan hout dat mar tsien jier goed bliuwt.

(advertinsje)
(advertinsje)