FNV: "Provinsje wol warskôge oer reorganisaasje"

08 feb 2017 - 16:19
It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De provinsje Fryslân is wol deeglik warskôge dat se mei de reorganisaasje net op de goede wei sitte. Dat seit fakbûn FNV as reaksje op de útspraak fan deputearre Kielstra dat de provinsje gjin sinjalen krigen hat dat se har net oan de cao en it sosjaal statút hâlde soe. Fakbûnen CNV en FNV hawwe mei de ûndernimmingsried in brief stjoerd dat dat sa is en dat der sa gau mooglik oerlis komme moat oer it ferfolch fan de reorganisaasje. De fakbûnen binne bang dat de reorganisaasje oars útrint op in gaos.

De provinsjale organisaasje moat lytser en fleksibeler sûnder twongen ûntslaggen, sa is de ynset fan de hiele operaasje.

Trefwurden: 
FNV provinsje reorganisaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)