De stim fan Sjors: "Wer mei elkoar troch ien doar"

Sjors Eiling (73 jier) fan Warkum fynt ferbining in belangryk tema yn de kommende Twadde Keamerferkiezings. "Dat we wer mei elkoar troch ien doar kinne, dat it ego der wat ôfgiet. We moatte mear mei elkoar dwaan, der moat mear each komme foar minsken dy't net goed rûnkomme kinne." Hy is tsjerkrintmaster en dêrmei ferantwurdlik foar it gebou, de finânsjes en it personiel fan de tsjerke. Hy hat wol noed oer de takomst fan de tsjerke.
"It wurk wurdt no troch in soad frijwilligers dien, mar ik hoopje dat de jeugd ús wurk ek yn de takomst sjocht en oppakt." Neffens him soe de polityk him wat mear bemuoie moatte mei de tsjerke. "Se binne net ferantwurdlik, mar it soe moai wêze as se ris op besite komme om te freegjen hoe't it giet en om te sjen wat de problemen dêr't we tsjin oanrinne." Sjors fynt ek dat de folksfertsjintwurdiging te fier fan de gewoane man ôfstiet. "Men ken de gewoane man net mear." Hy sil fansels te stimmen en docht dat fol oertsjûging op it CDA.
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezings. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezings op ús ferkiezingsside.