Twadde Keamer stipet weryndieling NW-Fryslân

08 feb 2017 - 14:51

Yn de Twadde Keamer liket brede stipe te wêzen foar de weryndielingen fan gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Dy weryndieling stie woansdei op de aginda, nije wike wurdt der noch offisjeel oer stimd. Eins wie allinnich de SP kritysk en frege him ôf oft de weryndieling wol echt fan ûnderen op komt, omdat lytse gemeenten troch it ryksbelied hast wol twongen wurde ta skaalfergrutting. Op 1 jannewaris komt Ljouwerteradiel by Ljouwert. Fierder ûntstiet de nije gemeente Waadhoeke.

Menameradiel, It Bilt, Frjentsjerteradiel en in part fan Littenseradiel geane op yn Waadhoeke. De gemeente Littenseradiel wurdt yn trijen knipt, want der geane ek parten fan dy gemeente nei Ljouwert en Súdwest-Fryslân. By de Twadde Keamer waard tiisdei in petysje oerlange oer de status fan de Biltske taal. Doel wie om offisjele erkenning te krijen, mar by it debat yn de keamer is dêr woansdei hielendal net oer praat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)