Alma-Tadema: suksesfolste útstalling foar Fries Museum

08 feb 2017 - 14:44
Alma-Tadema, Fries Museum - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De útstalling oer Lawrence Alma-Tadema is de suksesfolste tentoanstelling oait foar it
Fries Museum. Yn fjouwer moannen tiid hat it museum yn Ljouwert 158.000 besikers lutsen. Ut publyksûndersyk docht bliken dat besikers de tentoanstelling beoardielen mei in 8,6. Fan de besikers soe 97 prosint de tentoanstelling oanriede. De tentoanstelling reizget no nei Wenen en is dêrnei yn Londen te sjen.

Tefreden

Direkteur Kris Callens sjocht tefreden werom "Alma-Tadema was in zijn tijd wereldberoemd, maar werd daarna vergeten. Het Fries Museum heeft de schilder en Leeuwarden weer op de kaart gezet met deze tentoonstelling. We zijn ontzettend blij met de enorme hoeveelheid positieve (inter)nationale persaandacht, de bezoekersaantallen en niet in de minste plaats de enthousiaste bezoekers. We willen deze kwaliteit behouden voor een breed publiek en geloven dat deze tentoonstelling echt een opmaat is naar Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa 2018."

Sifers

Tal fan Ljouwerter ûndernimmers, lykas hoareka en bed & breakfasts, joegen oan mear omset te draaien troch de útstalling. 77 Prosint fan de besikers kaam fan bûten de provinsje. Fan har kaam 89 prosint spesjaal foar it museum nei Fryslân. Yn trochsneed joegen se €71 út. Dat betsjut in kapitaalynjeksje fan goed €7,6 miljoen yn de ekonomy.

Mear as 8.500 bern besochten Alma-Tadema. Fan it berneboek dat spesjaal foar de tentoanstelling skreaun wie, binne goed 1.000 ferkocht. Fan de publikaasje oer Alma-Tadema binne hast 9.000 eksimplaren ferkocht. De totale tentoanstellingsmerchandise soarge foar in omset fan goed €531.000 yn de museumwinkel.
 

(Advertinsje)
(Advertinsje)