Naturistecamping: "Ast ien kear wend bist, wolst net oars"

08 feb 2017 - 13:34

Roelie en Henk Westerhof begjinne in naturistecamping yn Dedzjum. Se is sels al in lytse fjirtich jier naturist. "Ast it ien kear wend bist, wolst noait mear oars. It jout in befrijend gefoel, hast gjin beperkingen," fertelt Roelie Westerhof. "Fielst de frijheid fan dyn lichem. Ast by it swimmen út it wetter komst, hast oars in plakkerich badpak oan, mar ast bleat bist, fielst de wyn lekker op dyn lichem. It is gewoan hearlik." De camping Buorkerij iepenet op 22 april. Der binne 50 plakken.

It echtpear gie al jierren nei Frankryk mei fakânsje nei naturistecampings en dêr troffen se minsken dy't wol nei Fryslân woenen, mar dêr wie neffens har net sa'n plak. "It ferskil mei in gewoane camping is dat wy gjin doar foar de dûs hawwe. Mar fan de dyk ôf is de camping net te sjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)