Auto midstwa nei oanriding mei trein by Harns

08 feb 2017 - 11:58

Troch in oanriding op it spoar tusken Dronryp en Harns-Haven ride gjin treinen op dat trajekt. Op de oergong yn de Alde Trekwei yn Harns binne in trein en in auto op elkoar botst. Der is ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Sawol de auto as de trein rekken swier skansearre. Ferfierder Arriva set bussen yn. Oan it begjin fan de middei is it trajekt wer foar de trein.

UPDATE: By it ûngelok is in frou ferwûne rekke. Sy rekke net earnstich ferwûne neffens de plysje. Om 13.30 oere waard it spoar tusken Dronryp en Harns wer frijjûn. It giet om in saneamde partikuliere oergong. Der stienen gjin spoarbomen by it plak fan it ûngelok, mar wol ljochtsinjalen, in andreaskrús en in warskôgingsstek. In wenbuorkerij oan de Alde Trekwei rekke skansearre troch rûnfleanende brokstikken. Sawol de auto as de trein rekken swier skansearre.

Trefwurden: 
ûngelok trein Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)