Sven Kramer tsjin Jorrit Bergsma op WK 5000 meter

Ut it ferline: Jorrit Bergsma en Sven Kramer © ANP, Jerry Lampen
Sven Kramer ferdigenet tongersdei yn in direkte striid tsjin Jorrit Bergsma syn wrâldtitel op de 5000 meter. Dat hat de lotting foar de WK ôfstannen op de olympyske baan yn Súd-Korea útwiisd. Kramer en Bergsma ride yn de foarlêste rit tsjin mekoar. Douwe de Vries moat tsjin de Nij-Seelanner Peter Michael.
By de froulju rydt Yvonne Nauta yn de earste rit op de 3000 meter tsjin de Japanse Sato en Ireen Wust yn de fiifde rit tsjin de Russise Natalia Voronina. Antoinette de Jong komt yn rit njoggen yn aksje tsjin de Russise Anna Jurakova.